Dea persoan yn wetter It Hearrenfean net troch misdriuw om it libben kaam

02 aug 2018 - 22:34

It stoflik omskot dat tongersdeitejûn fûn is yn in rekreaasjeplasse oan de Nije Leane op It Hearrenfean is fan in man. Undersyk fan de plysje hat útwiisd dat hy net troch in misdriuw om it libben kommen is.

Foto: Wiegmink Media

De plysje giet út fan in natuerlike dea fan it slachtoffer. Hy wie de rekreasjeplasse yn gien om te swimmen en is net goed wurden. De plysje ûndersiket noch de identiteit fan de man. Dêrnei sil mooglike famylje op de hichte brocht wurde.

(advertinsje)