Earste tallship al oankaam yn Harnzer haven: Sørlandet

02 aug 2018 - 22:26

It earste skip fan de Tall Ships Races is tongersdeitejûn al de haven fan Harns ynfearn: it giet om it âldste, noch farrende, opliedingsskip fan Noarwegen: Sørlandet.

It skip waard yn 1927 boud yn Kristiansand. Sørlandet is 64 meter lang en hast 10 meter breed. It rekke yn de Twadde Wrâldoarloch skansearre en waard úteinlik brûkt as akkommodaasje fan bemanningsleden fan Dútske ûnderseeboaten.

Nei de oarloch waard it skip folslein restaurearre. Fan 1981 ôf is Sørlandet ûnder in eigen stichting ferskate kearen de Atlantyske Oseaan oerstutsen.

De oare tallships komme freed oan yn Harns.

(advertinsje)