Oankomst Polynesiërs yn Grou foar European Sports for all Games

02 aug 2018 - 22:05

Op it hiem fan Janet Visser komt in buske oanriden mei dêrachter in grutte kano. De earste dielnimmers fan European Sports for All Games komme oan yn Fryslân. It binne de Polynesyske kanofarders. It evenemint fynt de hiele wike plak en minsken kinne ûnderfine hokker kulturele sporten oft der yn Europa binne.

De groep kanofarders bestiet út acht Frânsen. It hie eins in groep út Tahiti wêze moatten, mar dy hawwe har weromlutsen. De Frânsen wurde ûnderbrocht by fjouwer gastgesinnen yn Jirnsum. Janet Visser is dosint Frânsk en is derby as tolk. "Se hawwe der in hiel soad sin oan. Foaral it dielen heart echt by harren kultuer. Se wolle it kanofarren hiel graach sjen litte en binne ek nijsgjirrich nei de oare kulturele sporten", fertelt Visser.

Polynesyske kanofarders yn Grou - Foto: Omrop Fryslân

Polynesysk kanofarre

Frânsk-Polynesië leit yn de Súdlike Grutte Oseaan en bestiet út 118 eilannen. De Polynesiërs binne hiel handich mei harren Polynesyske kano. Dizze kano bestjoere je mei seis minsken tagelyk. Gearwurking is dus hiel wichtich en net altyd ienfâldich.

Om te sjen wa't it beste team hat, wurde der sprintwedstriden, mar ek maratonwedstriden hâlden. Mei de European Sports for All Games litte de Frânske peddelers graach sjen hoe't it moat. Der wurde demonstraasjes en clinics holden.

Cyrille Taraufau en Janet Visser

Binne jo nijsgjirrich nei ien of meardere Europeeske kulturele sporten, lykas it Italiaanske Ruzzolone of de Skotske Highland Games? Je kinne it sels ûnderfine! It evenemint fynt plak troch hiel Fryslân fan 3 oant en mei 7 augustus.

(advertinsje)