Brânwacht yn it spier om klassyk skip yn Kollum fan ûndergong te rêden
De brânwacht fan Kollum hat tongersdeitejûn besocht foar te kommen dat in klassyk boatsje fol wetter rûn. It klassike skipke lei oan de Willem Loréwei en drige ûnder wetter te ferdwinen.
Klassyk skip yn Kollum makket wetter
It is net dúdlik wêrtroch't de boat wetter begûn te meitsjen. De brânwacht hat mei pompen foarkomme kinnen dat de boat folslein ûnder wetter ferdwine soe. De skea oan it it skipke is lykwols grut.