Pieter Jan Postma 27e nei earste dei WK silen

Pieter Jan Postma fan Terkaple stiet nei de earste wedstriiddei fan it WK silen 27e yn de Finn-klasse. Yn it Deenske Aarhus koe allinne mar yn de middei fearn wurde. Moarns kaam de wyn út ferskate rjochtingen en koe der net syld wurde.
© ANP
Postma makket by it wrâldkampioenskip syn rentree yn de olympyske klasse. Yn de iennige race fan tongersdei einige Postma yn syn float as 14e. Om't der twa floaten binne, stiet er dêrmei op it 27e plak yn it klassemint.
De Fries is de twadde Nederlanner yn it tuskenklassemint. Nicholas Heiner fan Enkhuizen waard yn syn race sechsde en stiet no alfde.
Winners fan de beide races waarden Jorge Zarif fan Brazilië en Josip Olujic út Kroäsië.

Mear Friezen op it WK

Freed komme Marit Bouwmeester út Warten en Mirthe Akkerman fan Akkrum op it wetter yn de Laser Radial-klasse.