Swimbad op Skiermûntseach ticht om problemen mei gloartafier

It swimbad De Dúnatter op Skiermûntseach is sûnt tongersdeitemoarn sletten. Neffens wethâlder Johan Hagen fan it eilân binne der problemen mei de tafier fan gloar.
© Facebook NLG de Dunatter
Tongersdeitemoarn om healwei njoggenen stiene de earste lesswimmers al foar de doar. Dy waarden teloarsteld omdat de gemeente it net ferantwurde fûn it swimbad te iepenjen. It wie al de twadde kear dat it swimbad mei dit technyske probleem te krijen hat. Ferline wike waard it bad in heale dei sletten fanwege deselde oarsaak.

De earste boat fan freed

Hagen hopet dat it swimbad yn de rin fan freed wer iepen kin. Doel is dat mei de earste boat in technyske ploech nei it eilân komt dy't de problemen definityf oplosse moat. Hagen neamt it spitich dat it swimbad krekt mei dit moaie waar net iepen is. "Vooral voor ouders met jonge kinderen is het prettig om na het strand nog even bij het zwembad te zitten."