EK keatsen: Nederlân wint ynternasjonaal spul yn Frjentsjer

02 aug 2018 - 19:35

De Fryske keatsers, dy't ûnder de flagge fan Nederlân meidogge op it EK keatsen yn Frjentsjer, hawwe de titel pakt yn it ynternasjonale spul. By de manlju en froulju wie de Valenciaanske Federaasje de belangrykste konkurrint.

De finalisten by de manlju - Foto: twitter @KNKB

De manlju setten útein mei ferlies yn de pûlwedstriid tsjin Valencia. Dy wienen mei 6-3 te sterk. Troch de twadde pûlwedstriid mei 6-2 fan Frankryk te winnen, pleatste Nederlân him foar de krúsfinales. Dêryn wie Baskelân de tsjinstanner. Nederlân wûn mei 6-2 en gie dêrmei troch nei de finale.

Yn dy finale wie Valencia, dat yn de oare heale finale fan België wûn, wer de tsjinstanner. Yn dy finale gie it oant 4-4 gelykop. Dêrnei kaam Nederlân op 5-4 en dêrnei makken se it ek ôf.

Froulju ek tsjin Valencia

By de froulju dienen fjouwer teams mei. Nederlân wûn fan de oare trije dielnimmers: kombinaasjeteam België/Ingelân en Italië waarden beide mei 6-0 ferslein. Valencia die it wat better, mar koe it Nederlân ek net hiel dreech meitsje: 6-2.

EK keatsen

It Europeesk kampioenskip keatsen yn Frjentsjer duorret noch oant en mei sneon. Freed is de fariant wallball (muorrekeatsen) op it Sjûkelân en sneon is it llargues op de Foarstrjitte.

By de manlju bestiet de seleksje út Hans Wassenaar, Tjisse Steenstra, Kees van der Schoot, Pieter Jan Leijenaar, Enno Kingma, Jelte Pieter Dijkstra, Hendrik Kootstra, Laas Pieter van Straten, Dylan Drent en Bauke Triemstra.

De froulju dogge mei Marrit Zeinstra, Harmke Siegersma, Anne Monfils, Hiske Zeinstra en Hendrieke van der Schoot mei oan it EK.

Trefwurden: 
Frjentsjer EK keatsen
(advertinsje)
(advertinsje)