Stoflik omskot fûn by rekreaasjeplasse op It Hearrenfean

02 aug 2018 - 19:12

Yn it wetter oan de Nije Leane op It Hearenfean is in stoflik omskot oantroffen. De plysje wit noch net om wa't it giet en docht op it stuit ûndersyk.

Foto: CAMJO media

In grut gebiet om it wetter hinne is ôfsetten.

Der binne dûkers út Ljouwert, in blusgroep út Tsjalbert en in rêdingsteam út Jobbegea oproppen.

(advertinsje)
(advertinsje)