Piet Paulusma: "Alle betterskipswinsken dogge my tige goed"

Waarman Piet Paulusma, dy't noch yn it sikehûs leit, wol elkenien betankje foar de betterskipswinsken.
Piet Paulusma © ANP
Yn in ferklearring seit de waarman it folgjende:
"It wie even skrikken, mar nei omstannichheden kin ik net oars as sizze dat it ridlik goed mei my giet. Op it momint moat ik de útslaggen fan de ûndersiken ôfwachtsje. Ik wol elkenien betankje foar alle betterskipswinsken. Dat docht my tige goed."
We winskje Piet as meiwurkers fan Omrop Fryslân fansels ek betterskip. Wa't Piet in kaartsje stjoere wol, kin dat dwaan fia de omrop:
Omrop Fryslân
Postbus 7600
8903 JP Ljouwert
Wy soargje der dan foar dat de post op it goeie adres telâne komt.