Fytsers sjogge granaat lizzen yn it Fochtelerfean

02 aug 2018 - 17:37

Yn it Fochtelerfean by Appelskea is woansdei in granaat fûn. Dat meldt de gemeente Eaststellingwerf. Twa fytsers seagen it eksplosyf lizzen en hawwe fuortdaliks de plysje belle.

Nei alle gedachten hat de eigener fan de granaat fan it ding ôf wollen en him yn de natuer dumpt.

De Eksplosive-oprommingstsjinst (EOD) hat de granaat opromme en ta ûntploffing brocht op feilich terrein.

Neffens de saakkundigen gong it om in oefengranaat, mar wêr't dy weikaam is net bekend.

(advertinsje)