Autobestjoerder sjocht buske yn Ljouwert oer de holle en moat nei sikehûs

02 aug 2018 - 17:19

In froulike autobestjoerder is tongersdeitemiddei nei it sikehûs rekke, neidat se op de krusing fan de Planetenlaan en de Zuiderkruisweg yn botsing kommen wie mei in buske.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De frou hie it buske by it opdraaien fan de Planetenlaan oer de holle sjoen. Har man siet by har yn de auto, mar rekke net ferwûne. De bestjoerder fan it buske ek net.

De dyk hat ôfsletten west foar it ferkear. Undertusken is de dyk wer frijjûn.

Trefwurden: 
Ljouwert botsing Planetenlaan
(advertinsje)