Sus oppakte bernepsychiater út Fryslân fertocht fan omkeaping

02 aug 2018 - 16:37

In sus fan de Makkingeaster psychiater dy't yn Nepal fêstsit foar seksueel misbrûk fan in 15-jierrige jongen is oanhâlden yn it Gelderske Brummen. De frou wurdt derfan fertocht de famylje fan de jongen omkeapje te wollen.

Foto: Wikimedia Commons

Se soe de famylje fan de 15-jierrige jonge tsientûzenen dollars oanbean hawwe foar it oanpassen fan ferklearrings dy't ôflein binne nei de oanhâlding fan de Fryske bernepsychiater.

De 77-jierrige frou stie op it punt om wer nei Nepal ôf te reizgjen.

Trappearre op de die

De man út Makkingea is yn juny yn Nepal oanhâlden. Hy wie doe op de die trappearre mei de jongen op syn keamer yn in hotel. Yn Nepal én yn Nederlân docht de plysje ûndersyk nei de fertinkingen fan bernesekstoerisme en it yn besit hawwen en fersprieden fan berneporno.

(advertinsje)