Sûnenssintrum yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Boalsert hat in sûnenssintrum. It is freed iepene en sneon is der iepen dei yn it gebou oan de Jelmerstrjitte. Yn it sûnenssintrum sitte trije húsdokters mei in eigen praktyk.
Oare soarch as thússoarch, ferloskundigen, maatskiplik wurk, fysioterapeuten hiere romtes yn it sintrum. Pasjinten kinne better holpen wurde om't ferskate tsjinsten by elkoar sitte.