Russyske tallships moatte 'fan hegerhân' fan koers feroarje en geane net nei Harns

De grutte Russyske tallships Kruzenshtern en Sedov komme freed net nei Harns, ek al soe dat earst wol. Dat seit de organisaasje fan de Tall Ships Races.
De Kruzenshtern © Pjotr Mahhonin / Wikimedia Commons
De kapiteinen fan beide skippen soenen 'fan hegerhân' de opdracht krigen ha om fan koers te feroarjen. De reden fan dy opdracht is net dúdlik.
Neffens de Harnzer organisaasje fan de Tall Ships Races wurdt der oant op it heechste diplomatike nivo besocht om út te finen wat derefter sit. De skippen hawwe it Dútske Emden as nije bestimming.
It binne de twa grutste tradisjonele sylskippen dy't sile. Se tsjinje noch as opliedingsskip en jilde as de grutste publykslûkers by de Tall Ships Races.
De trainees op de tallships