Protte besoarge reaksjes oer sûnens fan waarman Piet Paulusma

By Omrop Fryslân en op social media komme in protte reaksjes binnen fan harkers en sjoggers dy't harren soargen meitsje oer de sûnens fan ús waarman Piet Paulusma. Piet waard woansdei op syn fakânsje op de camping mei klachten opnommen yn it sikehûs. Op dit stuit giet it nei omstannichheden ridlik goed mei Piet.
Piet Paulusma © ANP
It waarberjocht foar Omrop Fryslân telefyzje en by SBS wurdt foarearst dien troch syn dochter Martsje Paulusma. De redaksje fan Hart van Nederland reagearre woansdeitejûn skrokken op it berjocht dat Piet opnommen wie yn it sikehûs.
Neffens de redaksje is it yn goed 20 jier noch mar ien kear foarkommen dat Piet by it telefyzjewaarberjocht ferfongen wurde moast. Doe waard it waar ek presintearre troch Martsje. Op de radio wurdt it waarberjocht foar Omrop Fryslân foarearst dien troch syn fêste ferfanger Jan Jonkman.
It waar fan Piet heart der gewoan by en as hy der dan net is, dan misse je him direkt.
Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân
Ek op de redaksje fan Omrop Fryslân is skrokken reagearre op de sikehûsopname fan Piet. "Us harkers en sjoggers binne sa bot oan Piet wend, dat it al gau opfalt dat hy der net is", seit haadredakteur Klaas Geart Bakker. "It waar fan Piet heart der gewoan by en as hy der dan net is, dan misse je him direkt. Gelokkich ha wy mei Jan Jonkman en syn dochter Martsje goede ferfangers."
Minsken dy't in kaartsje nei Piet stjoere wolle, kinne dat dwaan fia de Omrop. Wy soargje dan dat de post by Piet besoarge wurdt. It adres fan Omrop Fryslân is:
Omrop Fryslân
Postbus 7600
8903 JP Ljouwert