Kafee Shooters ticht fanwegen hannel yn harddrugs
Kafee Shooters yn Drachten moat fan freed ôf ticht. Ut ûndersyk fan de plysje docht bliken dat it personiel yn harddrugs hannele. Ek is der in foarried harddrugs foar de ferkeap yn it kafee oan de Súdkade fûn.
Boargemaster Van Mourik fan de gemeente Smellingerlân hat it kafee no foar in perioade fan 6 moanne sletten. De gemeente hat ein foarich jier it belied oanpast. De gemeente kin no flotter ta sluting fan drugspannen oergean.