Dea stjonkbist fûn yn Park Vijversburg

02 aug 2018 - 14:10

By it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert is tongersdeitemoarn in dea wyld stjonkbist binnenbrocht. It bist wie oantroffen by Park Vijversburg yn Tytsjerk. Der wurdt útsocht wêr't it stjonkbist krekt weikomt. Mooglik is it ûntkaam út bistepark AquaZoo by Ljouwert. Dat mist in stjonkbist. Dat bist is chipt. Meiwurkers fan AquaZoo sille no ûndersykje as it om har stjonkbist giet.

Neffens Natuurmuseum Fryslân is it unyk foar Fryslân om in wyld eksimplaar te finen. Yn Drachten bestiet in lytse populaasje fan stjonkbisten, mar fan wylde stjonkbisten yn Ljouwert is oant safier noch neat bekend.

Preparateur Marjolein Kramer (Natuurmuseum Fryslân) besjocht it stjonkbist - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
(advertinsje)