Koade oranje yn hiele lân; boeren meie langer dong útride

02 aug 2018 - 14:00

It wettergebrûk spriede oer de dei en wetter net fergrieme. Dy oprop waard niiskrekt dien by de parsekonferinsje oer de ekstra maatregels fanwege de drûchte. Oant no ta jilde koade giel, dy wurdt opskaald nei koade oranje. Dat betsjut net dat der minder wetter út de kraan komme sil, mar wol dat der op oare manieren mei wetter omgien wurde moat.

Advys bûtenwetter - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Natuer- en wetterkwaliteit stean troch de drûchte op it spul, skriuwt it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu. "Botulisme, vissterfte en blauwalg steken de kop op. Schepen kunnen kunnen door de lage waterstand niet meer optimaal worden beladen en de industrie kan het koelwater in sommige gevallen niet meer kwijt."

De lêste wiken namen wetterskippen lokaal besluten oer de maatregels. No't it wettertekoart lanlik jildt, is it Landelijk Managementteam Watertekorten ferantwurdlik foar aksjes. It is de fjirde kear dizze iuw dat dat it gefal is. Ek yn 2003, 2006 en 2011 waard opskaald nei faze twa.

Faze twa

De twadde faze is ien faze foardat der lanlik in krisissituaasje oanbrekt. Hokker maatregels dat binne wurdt per gebiet bepaald. Dêrby wurdt der foarrang jûn oan wetterkearingen, drinkwetter, kwetsbere natuer en enerzjyfoarsjenningen. Om wat foar maatregels it yn Fryslân giet is noch net dúdlik.

It tekoart oan wetter troch drûchte yn Nederlân nimt serieuzere foarmen oan. Nei wiken fan perioaden mei in soad waarmte en hast gjin wetterfal, hat hiel Nederlân fan no ôf te krijen mei in feitlik wettertekoart.

Dong ynjektor - Foto: Shutterstock.com

Minister Carola Schouten fan Lânbou hat bekend makke dat boeren fanwegen de drûchte langer dong útride meie op de greiden. Dêrmei komt se temjitte oan de twingende oprop fan lân- en túnbou-organisaasje LTO. As der langer dong útriden wurdt, hawwe gewaaksen oant de ein fan de simmer mear tiid om te groeien.

Schouten ûnderskriuwt de earnstige situaasje omtrint de oanhâldende drûchte. "Het is voor boeren en telers een zware en onzekere tijd." Fierder sil it ministearje by de Europeeske Kommisje klam lizze op kûlanse foar it omploegjen fan gerslân. Mei dy maatregels moat der mear tiid en romte komme om fretten foar bisten te krijen.

Unwisse tiid

Schouten ûnderskriuwt de earnstige situaasje omtrint de oanhâldende drûchte. "Het is voor boeren en telers een zware en onzekere tijd." Fierder sil it ministearje by de Europeeske Kommisje klam lizze op kûlanse foar it omploegjen fan gerslân. Mei dy maatregels moat der mear tiid en romte komme om fretten foar bisten te krijen.

(advertinsje)