Mear minsken siik nei swimmen yn Frysk bûtenwetter

02 aug 2018 - 13:00

It tal minsken dat siik wurdt nei it swimmen yn bûtenwetter nimt ta. Dat docht bliken út gegevens fan de swimwettertelefoan. Dêr nimt ek it tal meldingen fan blau-alch en deade fisken ta.

Advys bûtenwetter yn Grou - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Neffens de provinsje blykt út mjittingen op offisjele swimwetterplakken net dat de kwaliteit fan it swimwetter minder wurdt. Deputearre Michiel Schrier: "In deze uitzonderlijk mooie zomer kunnen we gelukkig nog op veel plaatsen zwemmen. Maar blijf zelf wel alert op blauwalg, ook buiten de aangewezen zwemplaatsen. Kijk eerst naar de toestand van het water voor je erin springt."

Allinnich op offisjele swimplakken wurdt troch de provinsje metten. De ôfrûne wike is der allinnich foar de Aldegeaster Brekken in negatyf swimadvys by kaam.

Negatyf swimadvys

Yn totaal is der no op seis plakken in negatyf swimadvys en foar sân plakken is in warskôging jûn. Ek yn net offisjeel swimwetter moatte minsken alert wêze op blau-alch seit de provinsje. Op de webside fan GGD steane tips en advizen foar minsken dy't yn bûtenwetter swimme wolle.

(advertinsje)
(advertinsje)