Feitlik wettertekoart yn hiele lân, mar "de kraan blijft aan"

De Landelijke Coördinatiecommissie Waterverdeling hat tongersdeitemiddei foar it hiele lân fanwege de oanhâldende drûchte koade oranje útjûn. Nederlân hat no offisjeel te meitsjen mei in feitlik wettertekoart.
De tún besproeie © Shutterstock.com
Der wurde ekstra maatregels naam fanwege de drûchte, sei Michèle Blom, direkteur-generaal fan Rykswettersteat op in spesjale parsekonferinsje. Ek die se in oprop: "De kraan blijft aan, maar zet hem af en toe uit."
De maatregels binne troch de Landelijke Commissie Waterverdeling woansdei ôfpraat. Yn dizze kommisje sitte neist de wetterskippen ek it KNMI, Rijkswetterstaat en de provinsjebestjoeren. De nije faze betsjut dat der benammen ekstra ynset wurdt op feiligens. Ek wurdt it bereiningsferbod útwreide.