Fakbûn FNV driget mei aksjes ûnder ambulânsemeiwurkers

02 aug 2018 - 12:30

FNV easket foar 29 augustus hurde tasizzingen oer de oanpak fan hege wurkdruk en ferbettering fan salarissen fan ambulânsemeiwurkers. Bart dat net, dan folgje der fan septimber ôf kollektive aksjes, sa warskôget it fakbûn.

De ambulânse - Foto: ANP

FNV kaam earder mei wurkjouwer Ambulancezorg Nederland oerien dat meiwurkers ûnder oare mear lean krije soene. In mearderheid fan de fakbûnsleden hat dit akkoart lykwols fuortstimd.

Hiene se dêrmei ynstimd, dan soe dat neffens de tsjinstanners betsjutte dat se der op langere termyn op efterút gean. "De werkgevers weigeren opnieuw om de tafel te gaan", seit FNV-bestjoerder Fred Seifert.

Heger salaris

It fakbûn easket in flink heger salaris om de leanen yn de pas rinne te litten mei oare sektoaren yn de soarch. Ek wol FNV ôfspraken meitsje om it personielstekoart op te lossen. Ambulânsepersoniel fiert al tiden aksje foar bettere arbeidsbetingsten. Begjin dit jier wurken de meiwurkers sekuer neffens de regels, nei't in cao-oerlis mislearre wie.

(advertinsje)