FIDEO: Genietsje nei fan huldiging PC-winners

It partoer fan Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden wûn woansdei de 165ste PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Yn de finale waard de grutte favoryt, it partoer fan Gert-Anne van der Bos, ferslein (5-5 6-2) en dat hiene net in soad minsken fan tefoaren tocht. Wat fideos om nei te genietsjen fan de huldiging fan it winnende partoer.
Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden © Henk Bootsma
Earst wie de offisjele huldiging op it Sjûkelân. It partoer krige de lokwinsken fan PC-foarsitter Ids Hellinga en kommissaris fan de Kening Arno Brok.
Offisjele huldiging PC
Dêrnei waard Allard Hoekstra fan Frjentsjer útroppen ta kening fan de PC.
Kening PC
En it feestje gie dêrnei noch efkes troch.
Huldiging PC