Gjin Fryske organisaasjes yn ûndersyk nei yngripen yn thússoarch

02 aug 2018 - 08:22

Yn it ûndersyk dat de Consumentenbond dien hat nei it yngripen by de thússoarch troch de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd komme gjin Fryske organisaasjes foar. De Consumentenbond hat de fyftich lêste besites fan de ynspeksje oan thússoarchorganisaasjes besjoen en konkludearret dêrút dat mar twa fan dy fyftich organisaasjes oan de rânebetingsten foar goeie soarch foldogge. It giet dan ûnder oare oer it jaan fan medisinen of it ynsetten fan personiel dat foldwaande kwalifisearre is foar it wurk.

Thússoarch - Foto: Omrop Fryslân

Neist de twa organisaasjes, dy't oan alle betingsten foldogge, binne der 24 dy't oan fjouwer fan de fyftjin betingsten foldogge. Der binne ek sân dy't oan gjin inkele betinkst foldogge. De Consumentenbond konstatearret ek dat de ynspeksje amper yngrypt by thússoarchorganisaasjes dy't net oan de easken foldogge. It bûn fynt dat de minister fan Folkssûnens en de ynspeksje sels dêr feroaring yn bringe moatte.

Of it feit dat der gjin Fryske organisaasjes yn de list fan de Consumentenbond foarkomme ynhâldt dat al dy organisaasjes oan de rânebetingsten foldogge is net dúdlik. It bûn hat in meldpunt iepene dêr't misstannen yn de thússoarch oan trochjûn wurde kinne.

(advertinsje)