Frou ferwûne troch brân yn Ljouwert

02 aug 2018 - 07:49

By in brân yn in hûs oan Achter de Hoven yn Ljouwert is tongersdeitemoarn in persoan ferwûne rekke. It giet om in jonge frou, dy't tefolle reek ynazeme hat. Se is nei it sikehûs brocht, hoe't it krekt mei har is is is net bekend. It gie om in koarte brân yn de wenkeamer, hoe't dy ûntstean koe is net dúdlik.

Hulptsjinsten yn aksje oan Achter de Hoven yn Ljouwert - Foto: Kappers Media
(advertinsje)