FIDEO: Hoe giet it mei de fontein fan Dokkum?

02 aug 2018 - 07:01

Tsien fan de alve fonteinen yn de Fryske alve stêden binne ôfrûne maitiid oanset. Hoe giet it no? Wurde se massaal besocht? Wat fynt eltsenien der fan? Omrop Fryslân giet se allegearre by del en siket it út.

De fontein yn Dokkum is de iennige dy't noch net stiet. It is de bedoeling dat de iisfontein fan de Nederlânske keunstner Birthe Leemeijer hieltyd iis produsearret, sawol yn de winter as de simmer. Dit is technysk tige yngewikkeld en dêrom is der mear tiid nedich foar it meitsjen fan de fontein. As alles goed giet, dan stiet de fontein der yn desimber.

(advertinsje)