Piet Paulusma foarearst net aktyf as waarman
Piet Paulusma kin syn wurk as waarman foarearst net dwaan. Dit fanwegen in sikehûsopname. Paulusma wie de ôfrûne dagen op fakânsje en waard doe op de radio ferfongen troch Jan Jonkman.
Jonkman sil ek de kommende dagen by Omrop Fryslân te hearren wêze. Op de telefyzje wurdt Paulusma ferfongen troch syn dochter Martsje. Sy sil sawol by Omrop Fryslân as by SBS6 te sjen wêze. Hoelang't Paulusma út de rûlaasje is, is noch net bekend.