Lettere begjintiid konkoers hippyk Bûtenpost pakt goed út

01 aug 2018 - 22:42

Net moarns al begjinne, mar pas middeis. It hat de organisaasje fan it konkoers hippyk yn Bûtenpost goed foldien. Woansdei wie de 65ste edysje fan it evenemint en foar it earst wie der foar de lettere begjintiid keazen.

It winnende hynder Joppe - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

Foarsittter Tiemen Dolfijn fan it konkoers hippyk Bûtenpost

Dat waard dien om middeis en jûns mear minsken op it fjild te hawwen. Neffens de organisaasje hat dy feroaring goed útpakt. Der sil noch evaluearre wurde, mar no is al dúdlik dat de lettere begjintiid takom jier trochset wurdt.

By it konkoers yn Bûtenpost wurdt riden yn twa klassen: mei túch- en springhynders.

Utslach túchhynders

By de túchhynders waarden trije NK's ferriden. Henk Hammers mei hynder Joppe waard de winner fan de eareklasse. Ek ferline jier kaam er dêr as earste út de bus. By de hackneys hie Els d'Archard van Enschut mei hynder Here I Am de moaiste kombinaasje. Harry van Middelaar mei Brandy wie de bêste by de ienspannen. Ek wie der noch in rubryk mei fjouwerspannen. Dy skreau Feike Holtrop op syn namme. (Besjoch hjir ús reportaazje Fol Fjoer dy't Omrop Fryslân makke oer Feike Holtrop).


Yn de spannendste finale fan de ôfrûne jierren, waard de grutte favoryt fan de lêste jierren, Jelmer Chardon út Jorwert mei de hynst Eise, op it nipperke twadde. It sjueryrapport wie unanym foar Joppe, mar foar de tûzenen minsken yn it publyk wie Eise de bêste. Dêr waard nei ôfrin troch de minsken wakker oer neipraat.

Ferslachjouwers Freark Wijma en Henk Dijkstra oer de spannende finale

Hester Klompmaker mei dochter Jorinde - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

Hester Klompmaker winnner Grutte Priis Bûtenpost

It springkonkoers yn Bûtenpost is woansdei wûn troch pleatslik favoryt Hester Klompmaker. Nei trije foarrondes wienen der mar seis ruters dy't meidwaan mochten oan de barraazje. Grutte winner by de springhynders waard Hester Klompmaker fan Bûtenpost. Se pleatste har mei twa hynders foar de baraazje en pakte sawol it goud as it brûns. It sulver wie foar Elmar van Hoorn fan Sappemeer.

Hester en Jorinde Klompmaker

Trefwurden: 
Bûtenpost konkoers hippyk
(advertinsje)
(advertinsje)