PC-winner Peter van Zuiden: "Sy moasten en wy mochten"

01 aug 2018 - 22:35

Woansdei wûn it partoer fan Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden de 165ste PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Yn de finale waard de grutte favoryt, it partoer fan Gert-Anne van der Bos, ferslein (5-5 6-2) en dat hiene net in soad minsken fan tefoaren tocht.

In ferrassing dus. "Dat is dochs moai? Dêrfoar komme de minsken", sei Peter van Zuiden koart nei ôfrin fan de finale dy't se wûnen fan topfavoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. "Sy moasten en wy mochten. Sy koene net loskomme. Ja, dat is spitich foar se, mar moai foar ús."

Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC
(advertinsje)