Topsimmer foar transportbedriuw en striehannel út Ketlik

01 aug 2018 - 22:18

Transportbedriuw en foeraazjehannel Ponne yn Ketlik belibbet in topsimmer. It bedriuw foarsjocht klanten yn binnen- en bûtenlân fan strie en dêr is dizze waarme simmer in bysûnder soad fraach nei.

Direkteur Siebe Ponne fan Ponne Transport

De strie komt meastentiids út East-Dútslân en giet oanslutend fanút Ketlik nei boeren en oare klanten yn hiel Nederlân. De oanfier bestiet op it heden wol út 22 frachtauto's deis. De omset by Ponne is troch de drûchte wol sa'n 25 oant 40 prosint heger, fertelt direkteur Siebe Ponne.

It yn 1930 oprjochte famyljebedriuw hat op it stuit sa'n achttjin minsken oan it wurk. Dy binne yn de regel net yn Ketlik te finen, mar ûnderweis mei ien fan de strie-frachtauto's. Dy hawwe allegearre bysûndere nammen krigen lykas De Strie Devil, De Strieprinsesse en De Stri(e)der.

Siebe Ponne neamt de simmer fan 2018 "hiel ekstreem" en fernimt ek dat syn ôfnimmers der wat senuweftich fan wurde. "Fryske boeren dy't mooglik foer oer hawwe, hâlde dat no fêst. De minsken binne wat fan slach troch dit waar. Jonge boeren hawwe soks noch noait meimakke." Ponne bliuwt neffens eigen sizzen "altiten rêstich" en beskôget it as in sport om as it heal kin altyd oan de fraach fan syn ôfnimmers te foldwaan.

Giel en drûch

Dizze simmer slagget dat tanksij deistige oanfier fan strie út Saksen-Anhalt yn it easten fan Dútslân. De strie wurdt dêr parse en yn pakjes ôflevere yn Ketlik. Elke farske fracht wurdt yn sa'n tweintich minuten oerladen op in eigen frachtwein en oanslutend nei in klant hjir yn Fryslân brocht. It measte gerslân yn de omkriten fan de firma Ponne is giel en drûch.

Dochs kin dêr noch wol in soad gers ôfkomme. As it mar ien kear begjint te reinen, seit de direkteur. "We moatte mei-inoar troch de tiid. It hoecht om my net sa drûch te bliuwen." Mar as it wol drûch bliuwt, skeakelet Ponne al syn kontakten yn om de hannel oan de gong te hâlden. "Ik wol as it heal kin altyd leverje kinne."

(advertinsje)
(advertinsje)