Nij fuortplantingssintrum foar hynders by Bears rint foarop

Mei de komst fan in splinternij hynstefuortplantingssintrum by Bears is hynstefokkerij Van de Lageweg út Bears folslein taret op de takomst. Yn it nije sintrum wurde embryo's klearmakke foar de eksport.
Nij fuortplantingssintrum foar hynders by Bears rint foarop
Fia intracytoplasmatische spermacelinjectie, oftewol de ICSI-metoade, wurdt in aaisel út de donormerje helle en ynjektearre mei in siedsel. De ûntwikkele embryo wurdt dêrnei ynferzen en eksportearre nei oare lannen en pleatst yn in draachmerje.

Karantênestâl

By de nijbou by Bears hat eigener Wiepke van de Lageweg de mooglikheid om de merjes yn in saneamde karantênestâl ûnder te bringen. Dat is ferplicht by it tapassen fan de ISCI-metoade.
Mei de technyk rint Van de Lageweg foarop yn Nederlân. Yn totaal kinne der yn it nije sintrum sa'n tweintich donormerjes tagelyk wêze. Van de Lageweg hopet dat it fuortplantingssintrum foar hynders yn oktober fan dit jier klear wêze sil.