Snitser nei wylde rit oppakt

05 nov 2011 - 11:02

In ynwenner (31) fan Snits is freedtemiddei oppakt nei in wylde autorit oer de A7 by Drachten. De man ried mei hege faasje achter syn eks oan. Hy hie bytiden de hannen net oan it stjoer om't er bewegings makke nei de frou. Hy ried ek oer de linkerbaan en oer de flechtstrook.

Op de ôfrit De Haven koe de plysje him tsjinhâlde. Syn rydbewiis is ynnaam en hy is meinaam nei it buro.

(advertinsje)