Allard Hoekstra útroppen ta kening fan 165ste PC
Op it Sjûkelân waard Allard Hoekstra nei ôfrin fan de finale fan de 165ste PC útroppen ta kening. De 23-jierrige keatser wûn tegearre mei de bruorren Peter en Thomas van Zuiden de belangrykste keatspartij fan it jier.
Allard Hoekstra is útroppen ta kening fan 165ste PC
De Frjentsjerter krige út hannen fan de foarsitter fan de Permanente Kommisje de keningsbal om de nekke.