Krekt oanplante krystbeammen driigje ferlern te gean

Mar leafst trije op de fjouwer nij oanplante krystbeammen driigje ferlern te gean op it stik lân fan de famylje Elzinga by de Fonejachtbrêge oan de Wâldwei by Garyp. Troch de drûchte geane de beamkes dea.
Krekt oanplante krystbeammen driigje ferlern te gean
Der binne gjin mooglikheden it stik lân te bereinen. De sleatten njonken it gebiet steane ek al drûch. It pear fan Sumarreheide hat yn totaal trije hektare grûn by de ôfslach mei Earnewâld. Tineke Elzinga tinkt dat de skea yn de tûzenen euro's rinne sil. Troch in part fan de beammen hânmjittich noch wetter te jaan, hopet se noch in oantal beammen te rêden.

Jarretank

Foar de takomst tinke de Elzinga's nei oer mooglike oplossingen. Mooglikheden binne mei in jarretank wetter oer it lân út te riden of in put te slaan. Mar de kosten moatte net heger wurde as it gemis oan ynkomsten, seit Elzinga.