Fermiste famkes Emily en Kirsten binne wer terjochte

01 aug 2018 - 18:39

De sûnt freed fermiste Emily en Kirsten binne fûn, dat meldt de plysje op Twitter. In meiwurker fan de plysje hat se woansdeitemiddei oantroffen yn Ljouwert. Se wurde opfong op in plysjeburo. Hoe't it mei hat giet is net bekend, ek net wêr se de ôfrûne dagen west hawwe.

Foto: ANP

De twa famkes rûnen ôfrûne freedtejûn fuort út in soarchynstelling fan Fier yn Ljouwert en sûnt dy tiid waard der neat mear fan harren fernaam. De famkes fan 13 en 14 hiene gjin jild of guod by har en nei alle gedachten ek gjin telefoan.

"De kans bestaat dat de kwetsbare meisjes verblijven bij mensen die geen goede bedoelingen hebben", sei in wurdfierder fan de plysje woansdei noch. Der waard net útsluten dat se yn hannen fallen wiene fan loverboys. "Maar we hebben geen aanwijzingen dat dit het geval is", sei de plysjewurdfierder ek.

De plysje, en ek Fier, sizze elkenien tank foar it útsjen nei de twa en foar it dielen fan it opspoaringsberjocht.

(advertinsje)