Langere treinen en ekstra personiel fanwege Tall Ships Races
Yn Harns wurde freed in grut oantal maatregels naam om de 300.000 besikers oan de Tall Ships Races yn goede banen te lieden. Sa wurde troch Arriva ûnder oare langere treinen ynset.
Op de perronnen en yn de treinen moat ekstra personiel derfoar soargje dat dat alles goed ferrint. Arriva set ekstra bussen yn: fan Snits nei Harns en fan Alkmaar nei Harns.
Besikers dy't mei de auto komme kinne dy allinnich kwyt op spesjaal oanwiisde parkearplakken. Dêrfoar moat per auto tsien euro betelle wurde. Ferfolgjend wurde besikers mei pindelbussen ferfierd. Parkearje yn de binnenstêd is allinnich mooglik foar minsken mei in jildich sônebewiis.
Boaten
Harns is ek it plak dêr't de boaten nei Skylge en Flylân farre. Eilânbesikers kinne wilens de Tall Ships Races op de gewoane parkearplakken stean. Minsken dy't mei har auto op de boat wolle, moatte wol harren bewyske oan de ferkearsregelers by de tagongsdiken sjen litte.