Plysje op Flylân pakt fjouwer fertochten fan drugshannel op

De plysje fan Flylân hat dit wykein twa minderjierrige jonges oanhâlden fanwege mooglike drugshannel. By in kontrôle op de Waaddyk op it eilân die bliken dat de twa in aardige foarried soft- en harddrugs by har hiene.
Plysje © ANP
De plysje tinkt dat dy bedoeld wie foar de hannel. Nei fierder ûndersyk binne nochris twa fertochten oanhâlden. It giet om in man fan 18 út Ljouwert en in 22-jierrige Flylanner. Alle fjouwer binne heard troch de plysje en dêrnei wer frijlitten. De plysje slút mear oanhâldings net út.