Heale finalisten PC bekend; partoer Bergsma nei hûs

De twadde omloop op de PC yn Frjentsjer is spile en dus binne de twa heale finales bekend. It partoer fan Enno Kingma komt Gert-Anne van der Bos-en-dy tsjin en letter nimt it partoer fan Bauke Triemstra it op tsjin Peter van Zuiden-en-dy.
De PC © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De earste wedstriid yn de twadde omloop gie tusken Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar oan de iene en Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra oan de oare kant. In tige spannend duel mei 'alles oan de hang' dat úteinlik wûn waard troch Kingma-en-dy (5-5 6-6).
It favorite partoer fan Van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra wie in maatsje te grut foar it partoer fan Auke Boomsma (5-0 6-4). Dêrmei treffe Van der Bos-en-dy yn de heale finale it partoer fan Kingma.
Triemstra, Hendrik Kootstra en Dylan Drent wisten it partoer fan Jelle Attema te ferslaan (5-0 6-4). Harren tsjinstanner yn de heale finale waard it partoer fan Van Zuiden. Sy wûnen mei oermacht fan Marten Bergsma, Pieter Jan Plat en Jan Schurer (1-5 4-6).
© Omrop Fryslân

Ofskied

Mei it ferlies fan it partoer fan Van Zwieten kaam der ek in ein oan de keatskarriêre fan Bruinsma op it heechste nivo fanwege problemen mei de knibbel. Hy krige op it Sjûkelân in steande ovaasje.
Emosjoneel ôfskie foar Hylke Bruinsma: "Dan knak je wol even"
Bruinsma wie woansdei net de iennige keatser dy't ôfskied naam. Nei de earste omloop siet it der al op foar Aloys Freitag. Krekt as by Bruinsma twinge ek fysike ûngemakken him dizze kar te meitsjen.
Emoasjes by Aloys Freitag