Brân yn keuken fan steakrestaurant yn De Hommerts

Der hat woansdeitemiddei brân west yn restaurant Texas Farmsteak yn De Hommerts. It gie om in brân yn de keuken. De brânwacht is deryn slagge om oerslach nei it bylizzende wenhûs foar te kommen.
Restaurant Texas Farmsteak yn De Hommerts © BTBfotografie
Der wiene twa brânauto's oproppen foar it dwêstwurk. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend, wol is dúdlik dat der nimmen mear yn it gebou oanwêzich wie.
It restaurant is yn alle gefallen woansdeitejûn ticht.