Nij pak en âld spandoek foar Alvestêdeswimmer Van der Weijden

01 aug 2018 - 16:08

"Na een training van tien kilometer werd ik misselijk van het idee dat ik over zeventien dagen dan nog 190 kilometer te gaan heb." Dat skriuwt Maarten van der Weijden woansdei op syn Twitter-account. De swimmer traint foar de Alvestêdetocht, dy't er fan 18 oant 21 augustus swimme sil.

Van der Weijden docht dat foar it goede doel, de opbringst fan de tocht giet nei ûndersyk nei de genêzing fan kanker. Van der Weijden waard sels yn 2001 troffen troch de sykte.

Op Twitter showt er ek it pak dat er by de swimtocht oan hawwe sil. Neist dat it geskikt makke is foar it swimmen fan in lange tocht yn bûtenwetter, stiet op ien fan de pipen fan it pak ek in Fryske flagge.

Van der Weijden hat op it stuit in bysûnder oantinken oan de Alvestêdetocht op redens fan 1997 yn brûklien. It giet om in spandoek dat in reedrider út Maasland omheech hâlde, doe't er ûnder it brechje fan Bartlehiem trochried. Op it spandoek stiet 'Friesland bedankt'.

(advertinsje)
(advertinsje)