Alle favoriten troch nei twadde omloop op PC yn Frjentsjer

De earste omloop fan de 165e PC yn Frjentsjer hat woansdeitemiddei gjin grutte ferrassingen opsmiten. De topfavoriten, Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra, wûnen fan it partoer fan Arnold Zijlstra (2-5 en 2-6).
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Ek de oare partoeren dy't ta de favoriten tarekkene wurde makken yn de earste omloop gjin flater. Sa wûnen Bauke Triemstra, Hendrik Kootstra en Dylan Drent fan it partoer fan Jelte-Pieter Dijkstra (5-2 6-4) en pleatsten Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra harren foar de twadde omloop troch te winnen fan it partoer fan Durk Ennema (3-5 4-6).

Ferrassing fan seizoen

Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar meie harren opmeitsje foar de twadde omloop. It trijetal gie troch nei in oerwinning op Remmelt Bouma-en-dy (5-5 2-6). Ek de ferrassing fan dit seizoen, it partoer fan Marten Bergsma, ferlingen harren optreden op it Sjûkelân mei winst op Patrick van Dellen-en-dy (4-5 2-6).
De tuskenstân nei de de 1e omloop © Omrop Fryslân
Woansdei 1 augustus is de PC de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân op tv, radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De dei set útein om 8.00 oere mei de taspraak fan de PC-foarsitter. Dêrop folgjend, om 9.30 oere, binne de partijen fan de earste oant de lêste slach te folgjen yn ús liveblog. Fan de heale finale ôf (om 15.00 oere) wurdt it keatsen live útstjoerd op tv en yn de livestream op ús webside. Alle útslaggen binne te finen op de programmaside fan it keatsen.
Jûns om 18.20 oere wurdt de dei gearfette op tv en is alles werom te finen op Omropfryslan.nl/keatsen.