Keunstnersdoarp Asgaard wol jild ophelje foar dak

01 aug 2018 - 14:23

De organisaasje achter it keunstnersdoarp Asgaard yn Ljouwert wol besykje om mei crowdfunding 10.000 euro binnen te heljen om in dak te meitsjen oer it saneamde Earthship. Dat is ien fan de bouwurken yn it keunstnersdoarp. Asgaard wurdt realisearre op in earder slipdepot oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert, as ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd.

Yn juny waard it doarp offisjeel iepene foar it publyk. Foar it ôfbouwen fan it Earthship wurde ek noch frijwilligers en boumaterialen socht. Fan de 10.000 euro dy't nedich is, is op it stuit noch mar 535 euro binnen, mar der binne ek noch 46 dagen te gean.

Foto: voorleeuwarden
(advertinsje)