Buorden mei regels by LeRoy-katedraal Mildaam

01 aug 2018 - 14:01

Frijwilligers fan stichting TIJD hawwe buorden pleatst by de Ekokatedraal fan lânskipsarsjitekt Louis LeRoy by Mildaam. Mei de buorden wurde besikers warskôge dat it betrêdzjen fan it terrein op eigen risiko is en dat it beklimmen fan de hegere bouwurken ferbean is.

Fierder wurdt koart útlein wat it idee efter de oanlis fan de ekokatedraal is. De yn 2012 ferstoarne LeRoy woe mei syn losstapele stiennen bouwurken sa min mooglik yngripe yn de natuer. De katedraal is in gemeentlik monumint. De stichting TIJD hat it behear oer it terrein.

(advertinsje)