Trochstart foar kleanwinkels fan Men at Work

01 aug 2018 - 13:34

De fallite kleanwinkelketen Men at Work makket in trochstart. Foar Fryslân betsjut it dat de fêstiging yn Snits wer iepen giet, de winkel yn Ljouwert bliuwt foarearst ticht. It bedriuw giet fierder ûnder de wjukken fan de Victory&Dreams Holding, dêr't ek ketens lykas Miller&Monroe en Witteveen Mode ûnder falle.

Foarôfgeand oan it fallisemint telde de keten 27 winkels, dêrfan binne der noch 19 yn bedriuw. De nije eigener wol safolle fêstigingen as mooglik iepen hâlde en de wurkgelegenheid fan meiwurkers behâlde. Hoefolle winkels úteinlik iepen bliuwe, hinget ôf fan de ûnderhannelingen mei de ferhierders fan winkels en leveransiers.

Trefwurden: 
Snits Men at Work trochstart
(advertinsje)
(advertinsje)