It Waadgebiet krijt syn eigen muzykstik

01 aug 2018 - 12:40

It Never Ending Orchestra en Sense of Place ûntwikkelje dit jier in Waadkomposysje. It muzykstik moat it Waadgebiet symbolisearje en is bedoeld as oade oan it Unesco Wrâlderfguod. It is de bedoeling dat Fryske harmony-, fanfare- en brassbandkorpsen it stik by spesjale omstannichheden spylje.

It giet dêrneist om in basiskomposysje, dy't yn de rin fan de tiid oanpast wurde kin, bygelyks mei teksten en sjonglinen. Komponist Erik Woltmeijer hat der neffens de organisaasje in tagonklik stik fan makke dat maklik hingjen bliuwt.

(advertinsje)
(advertinsje)