Wetterskip dielt noch gjin boeten út om bereiningsferbod

01 aug 2018 - 12:05

De boeren yn Fryslân hâlde harren oant no ta goed oan it bereiningsferbod. Neffens in wurdfierder fan Wetterskip Fryslân binne der noch gjin boeten útdield. It bereiningsferbod waard ferline wike ynsteld en dat wurket goed.

Wetterskip Fryslân bereint it eigen terrein ek net - Foto: Omrop Fryslân

Op it stuit bliuwt de wetterstân yn de Fryske boezem aardich op nivo. Woansdei wurdt der wer oerlein troch de fertstjintwurdigers fan de wetterskippen en de Iselmargemeenten om te sjen oft der ek ekstra maatregels nommen wurde moatte.

Wetterferbrûk

Wetterbedriuw Vitens is posityf oer it wetterferbrûk yn ús provinsje. Hoewol't it ferbrûk noch altyd tritich persint heger is as gewoanwei, is dat in stik minder as ferline wike. Vitens hat it gefoel dat minsken mear tinke om harren wetterferbrûk.

(advertinsje)
(advertinsje)