Plysje drok dwaande mei ûndersyk natuerbrannen Skiermûntseach

01 aug 2018 - 11:43

De plysje is noch hieltyd drok dwaande mei it ûndersyk nei de oarsaak fan de natuerbrannen op Skiermûntseach ferline wike. Derby wurdt ûnder oare in speurhûn ynset om te ûndersykjen oft der brânstoffen brûkt binne.

Der wurdt noch hieltyd tocht oan brânstichting as oarsaak, mar it is net dúdlik oft dat mei opsetsin bard is. De plysje hat noch gjin fertochte yn byld en ropt mooglike tsjûgen dan ek op om harren te melden.

(advertinsje)