De Vrijbuiter fallyt, mar kampearwinkels binne wol iepen

De kampearwinkelketen fan De Vrijbuiter, mei in grutte fêstiging yn it Drintske Roden, is fallyt ferklearre. Earder wie al útstel fan betelling oanfrege. Nettsjinsteande dat de meiwurkers ûntslach oansein is, bliuwe de winkels foarearst wol iepen en is it personiel oan it wurk. It ûntslach is benammen oanfrege om besteande leanôfspraken feilich te stellen.
Der wurdt neffens de kuratoaren wurke oan in trochstart; der hawwe harren al meardere oernamekandidaten melden. Neffens de kuratoaren komt it fallisemint troch in kombinaasje fan faktoaren. It bedriuw hie foar lange tiid finansjele ferplichtingen, groeiambysjes en drege merkomstannichheden wêrtroch't de ferkeap fan kampearguod ôfnaam.