Nije kampanje om autofabryk Tesla nei Noard-Nederlân te heljen

01 aug 2018 - 11:01

It bedriuwslibben en de noardlike provinsjes begjinne in nije kampanje om de grutte autofabryk fan Tesla dochs nei Noard-Nederlân te heljen. Se dogge dit nettsjinsteande in eardere tweet fan Tesla-eigener Elon Musk, dat hy it fabryk yn Dútslân as Frankryk delsette wol.

Foto: ANP

It noarden set no fia Top Dutch dochs in nije kampanje yn 'e stegers, nei oanlieding fan berjochten yn de krante The Wall Street Journal. Dy skreau dat Tesla ek Nederlân opnij yn it fizier hat as fêstigingsplak. It giet om in fabryk dêr't elektryske auto's en akku's makke wurde.

Trefwurden: 
Tesla fabryk Top Dutch
(advertinsje)
(advertinsje)