Alvestêdetocht bliuwt ikoan, SC Hearrenfean minder populêr

01 aug 2018 - 10:13

De populariteit fan SC Hearrenfean is de ôfrûne twa jier bot ôfnommen. De fuotbalklup is út de top 10 fan meast populêre fuotbalklups fallen. Dat docht bliken út de fiifde edysje fan it lanlike Sportsector Merkenonderzoek, dat ûndersiker Hendrik Beerda ûnder 2200 Nederlanners hâlden hat.

It Abe Lenstra Stadion - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Wat fierder opfalt, is dat Formule 1-koereur Max Verstappen reedrider Sven Kramer foarby gien is as meast populêre sporter. En dat sawol wat prestaasjes as persoanlikheid oanbelanget, seit Beerda. Reedrydster Ireen Wüst stiet op it fiife plak, har populariteit is neffens Beerda goed op oarder. De Olympysk kampioene stiet boppe sporters lykas Tom Dumoulin en Wesley Sneijder.

Alvestêdetocht

De Alvestêdetocht blykt in ikoanysk merk en stiet fier boppe-oan de list fan populêre sporteveneminten. It keatsen komt net foar yn it listje. Sels as je allinnich nei de útkomsten fan Fryslân sjogge, einiget de PC yn Frjentsjer krekt bûten de top 10 op it alfde plak. Friezen fine eveneminten lykas de Fytsalvestêdetocht, it skûtsjesilen en de Snitswike belangriker.

Thialf

Foar de sportstadions jildt Thialf, dat op it fjirde plak einige, as it sportfeestpaleis fan Nederlân. De sfear yn de reedrydbaan stiet neffens Beerda ekstreem fier boppe oan. It Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean is nei it tsiende plak sakke op de list fan meast populêre fuotbalstadions.

Undersiker Beerda

(advertinsje)