LIVEBLOG: De PC yn Frjentsjer

01 aug 2018 - 17:45

It is in dei fol tradysjes: de PC yn Frjentsjer. En woansdei 1 augustus is it safier, dan wurdt de 165e edysje fan de PC keatst. De âldste sportklassiker fan Nederlân set om 09.30 oere útein op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Foar keatsers ít hichtepunt fan it jier. Folgje hjir de hiele dei it lêste nijs oer de PC.

20:14
Ein fan de liveblog

Oant safier dizze liveblog. Sjoch jûn op ús website en yn de Omrop-app foar de bekendmakking fan de Kening, reaksjes en mear. Op tv litte we jûn in kompilaasje sjen mei de hichtepunten fan hjoed.

20:09
Sjoch nei de lêste slach

Bruorren Van Zuiden en Hoekstra winne 165ste PC

Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden hawwe de 165ste PC op harren namme skreaun. Yn de finale fersloech it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra (5-5 6-2), dat as grutte favoryt oan de finale begûn wie.

18:29
Hendrik Kootstra: "Hjir baal ik goed fan"

Hendrik Kootstra: "Hjir baal ik goed fan"

18:13
De finalisten binne bekend!

9-16 (Bauke Triemstra - Peter van Zuiden): 4-5 2-6. De finale is tusken Gert-Anne van der Bos-en-dy tsjin Peter van Zuiden-en-dy.

17:42
Renze Pieter Hiemstra: "We wiene tichterby as de tillegraaf fermoeden docht"

Renze Pieter Hiemstra: "We wiene tichterby as de tillegraaf fermoeden docht"

17:08
Jan Schurer nei ferlies: "Der siet net ien maklike partij tusken hjoed"

Jan Schurer fûn it net maklik hjoed

17:00
Teloarstelling by Jelle Attema nei it misrinnen fan de heale finale

In teloarstelde Jelle Attema

16:42
Dit binne de partoeren yn de heale finale's
Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC
(Advertinsje)
(Advertinsje)